Wetterskip drok mei droechte

10 maaie 2011 - 22:13
  • Feankaden wurde by droechte ekstra kontrolearre

Wetterskip Fryslân hat in soad ekstra wurk fanwege de oanhâldende droechte yn de provinsje. Trije wike lyn is al begûn mei it ynlitten fan wetter fan de Iselmar, mar ek oare wurksumheden komme earder as oars.

Sa wurdt der nei alle gedachten nije wike al begûn mei de ynspeksje fan de feankaden. As de feandiken te droech wurde, bestiet it gefaar dat se it bejouwe. Fryske boeren meie noch wól hieltyd bereine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)