Wetterskip djoer yn Fryslân

13 nov 2008 - 17:03
  • Hege lesten foar Friezen

De dei dat de wetterskipsferkiezings begjinne, docht bliken dat we yn Fryslân yn ferhâlding in soad wetterskipsbelesting betelje. Yn it hiele lân binne der 25 wetterskippen dy't allegear sels belesting heffe.

Minsken yn Sieusk Flaanderen betelje it meast, 324 euro de ynwenner. Fryslân komt op it tredde plak mei jierliks 190 euro. Yn Drinte binne se it goedkeapst út. It Wetterskip Reest en Wieden freget sa'n 30 euro belesting fan de bewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)