Wetterskip bliuwt op himsels

27 feb 2013 - 21:41

It Wetterskip sil foarearst net ûnderbrocht wurde by de provinsje. De Steaten fine it no net it goede momint oan te trúnjen op in fúzje. Omdat it kolleezje fan Deputearre Steaten de saak lizze liet, hie de SP it op 'e nij op de aginda set. De Steaten fine dat de provinsje de taken fan it Wetterskip like goed útfiere kin. Sa soe in soad jild besparre wurde kinne.

It kabinet hat ek plannen om de wetterskippen op te heffen. Fryslân soe dan lanlik as proeftún tsjinje kinne.

In mearderheid is lykwols benaud, dat de minister fan Ynlânske Saken it oangripe sil om de foarming fan in noardlik lânsdiel troch te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)