Wetterskip besjocht fiskstân

09 sep 2009 - 16:35
  • Meiwurkers fan it wetterskip dwaande mei it ynheljen fan de fisk
  • Nei de ynvintarisaasje wurdt de fisk wer útset

It Wetterkip ûndersiket om de trije jier de fiskstân yn Fryslân. Dat gebeurt op 21 plakken. Yn 1989 is dermei begûn. De fisk yn de Lytse Wielen ûnder Ljouwert is woansdei teld. Op grûn fan eardere útkomsten tinkt it Wetterskip dat de fiskstân sûn is. Mar fan guon soarten lykas brazem binne der miskien wat te folle.

Takom jier, yn de maitiid, binne de útkomsten fan it ûndersyk bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)