Wetterskip: 200 minsken fuort

08 nov 2005 - 13:26

Der moatte sa'n 200 minsken út by Wetterskip Fryslân. Dat sizze de fakbûnen. Der wurdt ûndersocht hokker taken útbestege wurde kinne. Dykgraaf Paul van Erkelens begrypt net hoe de fakbûnen op 200 minsken útkomme. Oer trije wike wurdt der mear dúdlik.

De ûnrêst ûnder it personeel is al grut fanwege in rinnende reorganisaasje. De wurknimmers stimden moandei tsjin it sosjaal plan dat fakbûnen en Wetterskip ôfpraat hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)