Wettersintrum iepene yn Sina

06 apr 2003 - 00:00

Yn de Sineeske stêd Tsyn-wan-dao wurdt nije wike in nij wettersintrum iepene, dat mei opset is troch it Van Hall ynstitút yn Ljouwert. In delegaasje fan de agraryske hegeskoalle wennet de iepening by.

It wettersintrum is hiel wichtich foar Sina, omdat in soad rivieren en marren fersmoarge binne. Yn it wettersintrum kinne Sineeske studinten leare hoe't it wetter suvere wurde kin. It projekt is trije jier lyn al opset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)