Wetters by Dokkum útbaggere

28 sep 2001 - 00:00

It farwetter yn Dokkum wurdt djipper. De provinsje baggert it stik tusken de Al- tenabrêge en de Woudpoortsbrêge út. Der moat hast 1300 kúb bagger út it wetter helle wurde, sadat it 2,25 meter djipper wurde sil.

Yn it plan dêr't de ried fan Dongeradiel tongersdei mei ynstimde, stiet dat fierder alle wetters yn de beboude kom fan de gemeente útbaggere wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)