Wetterpriis mooglik nei Snits

27 nov 2012 - 21:42
  • De Wetterpoarte yn Snits

Twa Fryske projekten - beide út Snits - meitsje gading nei de Waterinnovatieprijs 2012. Woansdei wurde dy prizen útrikt yn Amsterdam. Yn de kategory 'Oerheden' is it projekt 'Waterschoon' yn Snits nominearre. It ôffalwetter fan goed 230 nijbouwenten wurdt skieden ynsammele en skjinmakke yn in lytse suveringsynstallaasje yn de wenwyk sels. Yn de kategory 'Bedriuwen' is it 'Dijk Monitoring en Conditionering' -Systeem nominearre foar de priis. It giet om technology foar dykbewaking, en it Snitser bedriuw Landustrie hat dat mei ûntwikkele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)