'Wetterpompe Jorritsma yllegaal'

16 des 2006 - 13:36

Yn Almere is opskuor oer it yllegale oppompen fan grûnwetter troch Annemarie Jorritsma en har man. NRC Handelsblad meldt dat boargemaster Jorritsma fan Almere sûnder fergunning djipteboarrings dien hat.

Ek soe se gjin fergunning ha foar it oppompen fan grûnwetter. Jorritsma brûkt it wetter om de boargemasters- wente te ferwaarmjen. De provinsje Flevolân ûndersiket de oertreding, der't in boete fan 2250 euro op stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)