Wetterpoloteam SGHA fan It Hearrenfean kampioen

11 apr 2015 - 20:54

De wetterpolo manlju fan SGHA fan It Hearrenfean binne kampioen wurden fan de twadde klasse. Troch de winst op it Ljouwerter Orca mei 12-10 promovearret SGHA nei de earste klasse, it ien nei heechste nivo. De ploech wurdt traint en coached troch Ymkje Broersma, dy't dit seizoen stipe hie fan wetterpolo-goeroe Jan Mensink. It wie in dreech duel foar de Feansters, dy't yn it begjin hieltyd achter stienen. De lêste twa perioaden makken se lykwols dien wurk en is promoasje in feit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)