Wetterpolo ferwachtet groei

21 aug 2008 - 20:17
  • Wetterpolo wurdt mooglik populêrder
  • Nederlân-Canada (foto's Martin de Jong)

De ferskate wetterpoloferienings yn Fryslân ferwachtsje in soad flecht op de koai nei it goud foar de Nederlânske froulju by de Olympyske Spelen. It Nederlânske team wûn ûnferwachts de finale fan wrâldkampioen Amearika. Troch it sukses yn Sina is der in soad oandacht kaam foar de sport.

Neffens de Fryske ferienings soe dat foar groei yn it ledetal soargje kinne. Ek hoopje de ferienings op ekstra sponsors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)