Wetterpoarten Sleat binne min

04 jun 2008 - 13:39
  • De súdlike wetterpoarte fan Sleat
  • Der sitte grutte skuorren yn

De histoaryske wetterpoarten fan Sleat binne der striemin oan ta. Undersyk fan ´e provinsje hat útwiisd dat seker 400.000 euro nedich is om de bousels út de 18e ieu wer yn goede kondysje te bringen. Komt dat jild der net, dan moatte de poarten sels mooglik foar toeristen ôfsletten wurde.

Ek driget dan fertraging foar it masterplan dat ôfrûne wike presintearre is. In rekonstruksjeprojekt fan trije miljoen euro moat Sleat krekt de âlde gloarje fan festingstêd weromjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)