Wetterpoarte en Thialf te sjen by LEGO museum yn Grootegast

28 des 2015 - 22:12

Der komt in museum oer it boartersguod LEGO yn Grootegast. Yn it nije museum sille bysûndere en bekende gebouwen te sjen wêzen út Grinslân en Drinte, mar ek út Fryslân, allegearre hielendal boud fan LEGO. It giet bygelyks om de Wetterpoarte yn Snits en it fernijde iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Yn it museum komme njonken in romte mei de gebouwen fan LEGO, ek in restaurant, bioskoopseal en in romte dêr't besikers sels oan de slach kinne mei LEGO.

Legiomuseum

It nije museum moat de namme Legiomuseum krije. It wurdt fêstige yn it eardere LEGO Nederlân-gebou oan de Legolaan yn it Grinslanner doarp.

Foarjiersfakânsje

It is de bedoeling dat it museum yn de foarjiersfakânsje iepen giet. Der moat foar dy tiid lykwols noch in soad barre, wol dat slagje. Frijwilligers binne dêrom fan herte wolkom by de organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)