Wetterplysje warskôget boatsjefarders foar min waar sneon

24 jul 2015 - 10:08
  • Wetterplysje
  • De wynwarskôging op camping Stortemelk
  • Camping Stortemelk op Flylân

De wetterplysje warskôget boatsjefarders foar it minne waar dat foar sneon foarsein is. It kin sneon stoarmêftich waar wurde mei hurde wynstjitten. De plysje advisearret minsken op it wetter om op 'e tiid in haven op te sykjen en gjin risiko's te nimmen.

Ek op Flylân wurde gasten op camping Stortemelk warskôge foar de hurde wyn. Minsken wurdt oanret om de tinten ekstra goed fêst te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)