Wetterplysje siket drinkeling

07 jun 2008 - 13:46
  • Man út speedboat noch fermist
  • Ien fan de mannen wurdt ôffierd

Yn it PM-kanaal tusken Grou en Warten siket de wetterplysje mei sonarapparatuer nei it lichem fan in 42-jierrige ynwenner fan Jellum. Sneontemoarn hat de plysje ek al oan it drêgjen west, mar dat hat gjin resultaat opsmiten. De Jellumer is fannacht mei 5 oaren te wetter rekke neidat harren speedboat yn oanfarring kaam wie mei in binnenfeartskip.

De 5 binne oerbrocht nei it sikehûs. Ien hat de skonk ferbrizele, de oaren rekken ûnderkuolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)