Wetterplysje: 'rjochts' farre

09 maaie 2008 - 17:24

Wa't dit wykein it wetter opgiet moat der goed omtinke dat safolle mooglik de stjoerboardswâl oanhâlden wurdt. De plysje te wetter makke freed bekend dat se hjir yn it Pinksterwykein en ek de rest fan it farseizoen ekstra op kontrolearje sil.

Neffens de wetterplysje hat it trochinoarhinne farren fan rekreanten en beropsfeart geregeld ûnfeilige sitewaasjes en sels ûngelokken fan gefolgen. 'Links farre' kin de rekreant in boete fan 90 euro opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)