Wetterplannen foar De Jouwer

18 maaie 2011 - 22:57

Boatsjes moatte yn it sintrum fan De Jouwer oanlizze kinne, de jachthaven moat grutter en brêgen moatte oanpast wurde. Dat stiet ûnder oare yn it masterplan Wetterfront dat de gemeente Skarsterlân dizze wike presintearret oan de Jousters.

It is de bedoeling dat de ynwenners harren miening jouwe oer de plannen, mei as úteinlike doel mear wettersporters nei it doarp te heljen. It plan is ûnderdiel fan de twadde faze fan it Fryske Marreprojekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)