Wetterpirate yn Hylper haven

16 okt 2007 - 09:44

In frou (51) út it Dútske Hagen is moandeitejûn oanhâlden omdat se yn de haven fan Hylpen foar in soad skea soarge hie.

De frou wie mei har boat hurd tsjin de kade oanfearn en hie ek twa oare boaten ramd. Doe gie se de Iselmar op. De KNRM koe har dêr opheine en hat har nei de wâl brocht. Dêr hat de plysje har oppakt. Op it buro die bliken dat de fertochte fiersten te folle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)