Wetterpeil yn Fryslân goed

08 aug 2003 - 00:00

It wetterskip kin it peil fan it Fryske wetter aardich op de goede hichte hâlde. By de gemalen op De Lemmer en Teakesyl wurdt no sels minder wetter ynlitten as earder yn de wike.

De ôfrûne dagen streamde der 5,7 miljoen kubieke meter wetter fan de Iselmar de Fryske boezem yn. Dêrfan giet twa miljoen nei Grinslân. Om't der gjin problemen binne, bringt it wetterskip it tal liters werom nei fiif miljoen kubieke meter deis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)