Wetterpeil is oan it sakjen

16 aug 2004 - 09:33

It wetterpeil yn de provinsje is sûnt sneontemiddei oan it sakjen. Dat seit it Wetterskip Fryslân. It wetterskip hat alle mealkapasiteit ynset. It Woudagemaal by Teakesyl is lykwols sneintemiddei om 17.00 wer stilset.

Mei inoar is der 18 miljoen kuub wetter út de polders op de boezem útwettere. De gemalen en sluzen bliuwe foarearst draaien, ek sjoen de waarsferwachting. De masines fan it Woudagemaal wurde op stoom hâlden, omdat it lân noch wiet is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)