Wetterpeil Lauwersmar giet foarearst noch net omheech

16 des 2015 - 16:40
  • Lauwersmar

It plan om it wetterpeil fan de Lauwersmar yn de betide maitiid seis wiken lang te ferheegjen, giet foarearst net troch. It peil soe yn 2016 mei 40 sintimeter ferhege wurde, mar dat is no útsteld nei begjin 2017.

De provinsjes Fryslân en Grinslân en de belutsen gemeenten wolle de ekstra tiid brûke foar mear ûndersyk nei de gefolgen. Omwenners en boeren fregen dêr om. Sy hawwe net folle betrouwen yn de ferheging fan it wetterpeil.

De Stuurgroep Natura 2000 Lauwersmeer wol it wetterpeil as proef ferheegje, om't it soarget foar better slyk en reid en dêr komme de fûgels op ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)