Wetterpeil Iselmar ferhege

29 jul 2006 - 13:53

Rykswettersteat hat de spuisluzen by de Iselmar tichtset, om sa de kommende dagen it wetterpeil yn de mar mei acht sentimeter te ferheegjen. De wetterfoarried dy't sa ûntstiet kin nedich wêze at it yn augustus opnij lang droech bliuwt.

De Iselmar wurdt bygelyks brûkt foar liedingwetter. Troch de maatregel sit der aanst hûndert miljoen kúb mear wetter yn de Iselmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)