Wetteroerlêst yn Mitselwier

01 aug 2002 - 00:00

Yn Mitselwier ha de ynwenners slim lêst hân fan it reinwetter. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei soe hast 80 milimeter fallen wêze. Rioelen en pompen koenen al it reinwetter net ferwurkje. Strjitten en tunen kamen blank te stean.

De brânwacht hat it wetter fuortpompt. Hoe grut oft de skea is, is noch net dúdlik. Dy wurdt noch ynventarisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)