Wetteroerlêst yn Fryslân troch fûle buien

27 aug 2015 - 17:00
  • Wetteroerlêst yn Grou

Op ferskate plakken yn de provinsje ha de swiere buien fan tongersdeitemiddei foar problemen soarge. Sa wiene der meldings fan wetteroerlêst yn Wâldsein en Snits. Mar foaral yn Grou gie it flink mis. Sa strûpten ferskate strjitten ûnder. Neffens guon ynwenners reinde it op in bepaald stuit sa hurd dat de oare kant fan de strjitte net mear te sjen wie.

Auto's hiene in soad muoite om troch it doarp te kommen. It wetter streamde ek de tunen yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)