Wetteroerlêst yn Fryslân

14 aug 2004 - 11:49

Rûnom yn Fryslân is freed wetteroerlêst ûntstien troch alle rein dy't fallen is. It Bilt hie in krisisteam. Slim wie it foaral yn Minnertsgea en Sint Jabik. Yn Tsjummearum rûn de sporthal ûnder.

Yn Menameradiel stiene yn alle doarpen strjitten blank. Ek yn Koarnjum en Stiens en yn de wyk Hoedemakerspolder yn Dokkum. Yn Burgum is in parkear- garaazje leechpompt en yn Hurdegaryp sprong in rioellieding. Ek yn Súd- Fryslân rûnen tunen en strjitten ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)