Wetteroerlêst yn Fryslân

25 aug 2002 - 00:00

De brânwacht hat it yn 'e nacht fan sneon op snein drok hân mei wetteroer- lêst. Yn it súdwesten fan 'e provinsje, benammen yn de omkriten fan De Lemmer, kamen sa'n 50 meldings binnen.

It gong ûnder mear om kelders dy't fol rûnen en winkels dy't blank kamen te stean. It grutste part fan de meldings kaam binnen oan it begjin fan 'e nacht, tusken tolve en twa oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)