Wetteroerlêst yn flats op It Fean troch himpkwekerij

21 apr 2015 - 10:21
  • Himp

In himpkwekerij hat moandeitejûn foar slimme wetteroerlêst soarge yn in flat oan de Munt op It Hearrenfean. By in oantal bewenners kaam it wetter troch it plafond nei binnen. Doe't se nei de boppebuorman giene om him te helpen, woe dy har der net ynlitte.

De bewenners skeakelen dêrom de plysje yn en dy ûntduts in himpkwekerij mei sa'n 700 planten. De plantaazje is ferneatige en in 31-jierrige ynwenner fan Ljouwert is oanhâlden. In skjinmakbedriuw is ynskeakele om de gefolgen fan de wetteroerlêst op te rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)