Wetteroerlêst troch sprongen lieding yn Burgum

30 nov 2015 - 18:34
  • Stjitte yn Burgum stiet ûnder wetter troch sprongen wetterlieding

Bewenners oan de Ymkersstrjitte yn Burgum hawwe lêst fan wetteroerlêst troch in lekkaazje yn de wetterlieding. Vitens is dwaande mei it ferhelpen fan de steuring. Se ferwachtsje dat it probleem moandeitejûn om njoggen oere ferholpen wêze sil.

Der komt noch wol gewoan wetter út de kraan by de bewenners. Oer de oarsaak fan de lekkaazje is op dit stuit noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)