Wetteroerlêst Noardeast-Fryslân

31 jul 2003 - 00:00

Nei swiere buien kamen woansdeitejûn yn Dokkum guon strjitten blank te stean. Noardeast-Fryslân hie te krijen mei flinke wetteroerlêst. Op guon plakken rûnen sels wenten ûnder. Hieltyd faker liket it derop dat de riolearing sa folle wetter net mear ferwurkje kin.

Yn de Dokkumer Hoedemakerspolder ha de bewenners de lêste jierren al fiif kear mei wetteroerlêst te krijen hân. Yn in lyts oere tiid foel woansdeitejûn yn Dokkum sa'n 50 mm reinwetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)