Wetteroerlêst Kelders Ljouwert

05 des 2005 - 13:46

Undernimmers oan de Kelders yn Ljouwert hawwe sûnt augustus in soad wetteroerlêst troch in ekstreem heech grûnwetterpeil. Dat komt troch de renovaasje fan in horekasaak yn de eardere bierkelders oan de stêdsgrêft. Neist de skea oan guod ûntstie der in miggepleach.

De gemeente wol earst pompen pleatse en op termyn foar it wetterticht meitsjen fan de kelders de helte betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)