Wetteroerlêst by iisfabryk

26 jul 2008 - 23:21
  • De hal stiet fol wetter (H. Nota)
  • It dak is delkommen

It iisfabryk fan Holiday_Ice oan de Slotweg yn Sint_Nyk is sneontejûn troffen troch wetteroerlêst. In diel fan it dak boppe de kuolsellen is ynstoart. Dêrtroch is in flinke foarried iis ferlern gien.

De brânwacht waard oproppen om de skea te beheinen. Mei help fan sânsekken is besocht om fierdere wetterskea te foarkommen. De helpferliening wie dreech troch de lege temperatueren by de kuolsellen. It iis makke alles spegelglêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)