Wetteroerlêst Harns en De Jouwer

18 jun 2001 - 00:00

Dit wykein ha benammen Harns en De Jouwer in protte wetteroerlêst hân. Troch in fikse reinbui kaam yn Harns in part fan de binnenstêd blank te stean. It reinwetter rûn ferskate winkels yn. De brânwacht hat it wetter fuortpompt.

De Sasbrêge yn Harns hat snein de hiele dei iepen stien. Troch it reinwetter wie koartsluting ûntstien. Op 'e Jouwer rekken trije strjitten ûnder wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)