'Wetteroerlêst gau oanpakke'

26 aug 2004 - 17:18

De provinsje moat gau wat dwaan oan de wetteroerlêst. Dat fynt âld-foarsitter fan Wetterskip Marne-Middelsee Pé Miedema. Hy kin him goed foarstelle dat de knipepunten earder oanpakt wurde as earst it doel wie. Benammen yn it noarden fan 'e provinsje giet it mis.

Neffens Wetterskip Fryslân leit it net oan 'e kapasiteit om wetter út de boezem kwyt te kinnen. De polders kinne pleatslik de protten wetter gewoan net kwyt op 'e boezem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)