Wetteroerlêst: boete 130 euro

23 jul 2013 - 18:37

Trije jonges hawwe tiisdei in boete fan 130 euro krigen om't se foar oerlêst soargen op it wetter yn Kûkherne by De Westereen. De jonges hongen oan boatsjes en foelen wettersporters lestich. De plysje drige al earder mei it útdielen fan boetes, ûnder oare fia twitter.

Oerlêst op it wetter troch jongerein is in bekend probleem yn Kûkherne. Earder al waard de brêge ynsmard mei in spesjale pasta om springen foar te kommen. De plysje lit witte dat de kontrôles de kommende tiid trochgean, omdat de skipfeart yn de Swemmer hindere wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)