Wetteroerlêst yn it Werkplein

06 feb 2012 - 12:16
  • Wetterskea

It kantoar fan it eardere CWI, it Werkplein, oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert is de kommende dagen ticht. Troch in sprongen wetterlieding stiet in grut part fan it gebou blank.

De 100 meiwurkers binne nei hûs stjoerd of wurkje yn in oar kantoar fan it UWV. En alle ôfspraken binne ôfsein. Skjinmakkers binne al de hiele moarn drok dwaande om it wetter op te romjen. Hoe grut de skea krekt is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)