Wetteroerlêst by bistewinkel

05 jan 2012 - 10:22

Op tal fan plakken is it wetter tongersdei sa heech kaam dat it foar problemen soarget. Sa rûn it magazyn fan bistewinkel Numan yn Kollum ûnder wetter as gefolch fan de hege wetterstân. It wetter fan de Trekfeart stiet sa heech dat it troch de muorren de winkel yn rint. Der stiet 30 sintimeter wetter yn it magazyn dêr't benammen akwariums opslein steane.

Ek by jachtwerf Bolt op Bûtenstfallaat yn Drachten stiet in soad wetter op it terrein. De werfgebouwen steane splis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)