Wettermakkers nei Haïty

15 feb 2010 - 20:57
  • De wettermasine wurdt ynstallearre (foto's: Leo Groendijk)
  • En al gau komt it earste skjinne wetter derút

Op Haïty binne ferline wike de wettermasines fan Van Hall yn gebrûk nommen. Dizze wettermasines kinne fan smoarch wetter skjin drinkwetter meitsje. De masines binne al earder ynsetten yn ûntwikkelingsgebieten, mar de dosinten fan Van Hall hiene noch nea op in rampplak lykas Haïty west.

De omstannichheden wiene swier, mar it is harren dochs slagge om op wichtige punten de masines te ynstallearjen. Der geane de kommende moannen noch mear masines nei Haïty.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)