Wettermaatregels yn Marsum

21 aug 2007 - 14:09

Yn Marsum wurde meikoarten maatregels nommen om foar te kommen dat in tal huzen oan it Franjumbuorsterpaad ûnder wetter rint as it hurd reint. De lêste jierren bart dat hieltyd faker. Yn it ferline binne de huzen eins te leech boud, ek is in sleat tichtsmiten.

De gemeente wol no in droege fiver oanslizze, troch de boppelaach fan in grienstrook te ferwiderjen. De bewenners wurde tongersdei yn it doarpshûs foarljochte oer dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)