Wetterlek yn Sint Anne

07 jun 2011 - 09:01
  • Foto's: Jan Dirk de Haan (Omrop Fryslân)

In part fan Sint Anne sit op it stuit sûnder wetter troch in lekkaazje yn de Van Harenstrjitte. Dêr is in wetterlieding stikken rekke. Inkelde tsientallen húshâldens hawwe gjin wetter.

Om healwei achten hinne wiene se yn de buert fan de Rabobank oan it heien. Dêrby is in peal dwers troch de lieding hinne slein. Neffens Vitens duorret it seker oant fan 'e middei foardat de steuring oplost is. Yn de strjitte is flink wat wetteroerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)