Wetterkuier foar Gambia

22 mrt 2007 - 13:42
  • Steatssekretaris Tineke Huizinga rûn ek mei

Skoalbern fan It_Hearrenfean en Haulerwyk hawwe tongersdei mei in sponsorkuier 7700 euro ophelle. It jild is foar in wetterprojekt yn Gambia. Bedriuwen en organisaasjes folje it bedrach oan mei 17.000 euro.

De kuier wie op rekreaasjeterrein De Heide. De bern rûnen 6 kilometer mei in rêchsek mei 6 liter wetter. Foar bern yn Afrika is dat hiel gewoan. De Rotaryclub It Hearrenfean organisearre de sponsorkuier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)