Wetterkontrôle ek mei hely's

07 jul 2007 - 16:55
  • Helikopters sille boaten yn 'e gaten hâlde

De plysje hâldt fan sneon ôf wer ekstra kontrôles op it wetter. Under oaren op 'e Fryske marren en yn de grutte kanalen wurdt sjoen nei alkoholgebrûk, fargedrach fan rappe boaten en it neilibjen fan de regels.

Nij dit jier is it strangere miljeutafersjoch. Dat bart net allinnich fan it wetter ôf, mar ek út de loft wei mei in helikopter. De plysje wurket by de simmerkontrôles gear mei de KLPD en Wetterskip Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)