Wetterkonferinsje yn New York

11 sep 2009 - 11:26

Ljouwert promoat him dizze dagen yn New York as wettertechnologystêd nûmer 1 fan Nederlân. Op dit stuit is in Fryske delegaasje yn de Amerikaanske stêd fanwege de New York 400-fierings.

Ien fan 'e programma-ûnderdielen is in konferinsje oer wettermanagement en klimaatferoaring. Amerikaanske en Nederlânske eksperts wikselje dêr yn 'e twa dagen dat de konferinsje duorret kennis en ûnderfinings út. It wettertechnologysintrum Wetsus yn Ljouwert is mei de konferinsje anneks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)