Wetterkeunstwurk yn Snits

15 nov 2006 - 22:15

Yn Snits komt in wetterkeunstwurk yn de wyk Duinterpen. De buertbewenners koene woansdei sjen hoe't it derút komt te sjen. It keunstwurk is in boat mei in bôge deroerhinne. It jout de ambivalinte ferhâlding tusken Nederlân en wetter wer.

De bôge is ek in wetterfontein op sinne-enerzjy. As der gjin sinne is, docht de fontein it net. It keunstwurk is ûntwurpen troch learlingen fan it Bogermankolleezje yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)