Wetterkennis folop útwikselje

17 jan 2013 - 20:39
  • Totaal Lab Wetsus

Der is grut ferlet fan it útwikseljen fan kennis en ûnderfining op it mêd fan ynnovative en duorsume wettertechnology. Dat die tongersdei bliken op it earste sympoasium WaterLink yn Ljouwert fan netwurkorganisaasje Water Alliance.

Sa'n 300 fertsjintwurdigers út it bedriuwslibben, kennisynstellings en oerheden út hiel Nederlân wiene dêr byelkoar. Op it sympoasium wie ûnder oaren oandacht foar de kânsen foar bedriuwen yn de wettersektor.

Dan gie it foaral oer de rol dy't it technology-sintrum Water Campus fan Wetsus yn Ljouwert hjirby spylje kin

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)