Wetterkearingen wer yn grêften

13 jun 2006 - 08:44

Moandei binne yn de binnenstêd fan Ljouwert de 'flappen' fan de wetterkearing werombrocht yn de grêften. De kearings binne yn 2004 ek al pleatst, yn it ramt fan de Blauwe Diamant.

De kearingen moatte smoarch boezemwetter en grêftwetter skiede. Yn de grêften wurdt boppedat skjin wetter pompt. De wetterkearingen binne pleatst op de Tunen, de Weaze, it Skavernek en de Foarstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)