Wetterkearingen oanpakt

15 jun 2007 - 10:53

It wetterskip is dwaande mei it ferbetterjen fan de wetterkearingen yn de Ljouwerter grêften. De wetterkearingen binne bedoeld om skjin wetter yn de grêften te hâlden en smoarch wetter der bûten. De kearingen bestean út stikken rubber, dy't omflappe as der boaten oerhinne farre.

It ôfrûne jier rekken de flappen faak skansearre omdat se ferkeard befêstige wienen. It wetterskip is no dwaande de befêstiging te feroarjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)