Wetterkearing It Amelân ticht

06 des 2013 - 14:31
  • Meiwurkers Wetterskip draaie needklep ticht

Op It Amelân binne fanwege de stoarm tongersdeitejûn in tal needkleppen tichtdraaid. Dy sitte yn de dûkers yn de Waadseedyk. Se wurde gewoanwei brûkt om yn droege simmerperioaden wetter fêst te hâlden op it eilân. Om't by heech wetter in risiko bestiet dat wetter it eilân op komt, binne de kleppen ôfsletten troch meiwurkers fan Wetterskip Fryslân. Dat waard dien by Nes, Buren en Ballum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)