Wetterkearing Amelân fersterke

22 okt 2007 - 14:11

Rykswettersteat begjint dizze wike mei it fersterkjen fan in stik wetterkearing op It Amelân. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it dún net oan de wetlike easken foldocht. It stik moat dêrom oer in lingte fan 150 meter ferswierre wurde mei sân. Ek wurdt de wetterkearing in heale meter heger makke. It wurk kostet 65.000 euro.

De ferwachting is dat de wurksumheden yn desimber klear binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)