Wetterkampanje traach út ein

11 sep 2008 - 12:51

In promoasjekampanje om dit seizoen 10.000 mear wettersporters nei Fryslân te lûken komt mar stadich op gong. De kampanje ´Hou je van water, dan kom je naar Fryslân´ rint fjouwer jier en kostet twa miljoen euro. Bysûnder is dat njonken de provinsje ek 120 ûndernimmers deroan meibetelje.

Direkteur Paul_van_Gessel fan Fryslân_Marketing sjocht dit jier as oanrin en hat oerlis mei de ûndernimmers oer it bystellen fan de kampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)