Wetterhúshâlding Skylge beprate

09 maaie 2005 - 14:36

Wetterskip Fryslân sil mei ferskate belangegroepearringen op Skylge oerlizze oer in oplossing foar de wetterproblemen op it eilân. Der binne gesprekken mei Skylger ûndernimmers, natuerorganisaasjes, rekreaasje-ûndernimmers en boeren.

Der komme trije gearkomsten; de earste is tongersdei 19 maaie. De problemen hawwe te krijen mei it loazen fan wetter op de Waadsee. Der kin lykwols gjin swiet wetter ynlitten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)